Studinten ûndersykje De Hoop

25 sep 2014 - 10:44

Trije studinten boukunde fan de hegeskoalle NHL yn Ljouwert ûndersykje de mooglikheden foar in nije bestimming fan it eardere suvelfabryk De Hoop yn Aldegea, Smellingerlân. It gebou leit der hiel min by. Der wurdt al jierren praat oer werbestimming.

Der leit in plan om fan it âlde suvelfabryk in wen-wurklokaasje te meitsjen. Untwerper Jentsje Steegstra hat dêr tekeningen foar makke. Sy sil de studinten begeliede yn it ûndersyk. Sy sykje út hokker funksjes it bêste yn it gebou passe. Ein desimber moat it ûndersyk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)