Brânwachtauto yn fiver

24 sep 2014 - 23:50

Op de Tolhûswei op De Jouwer is woansdeitejûn in brânwachtwein mei bemanning yn it wetter rekke. De brânwacht wie ûnderweis nei in ûngelok op it ferkearsplein fan De Jouwer, wêrby't in auto yn in slip rekke wie. Yn in skerpe bocht ferlear de sjauffeur fan de brânwachtauto de macht oer it stjoer, wêrnei't er in fiver ynried.

Twa brânwachtminsken rekken yn it wetter. Sy binne holpen troch kollega's. Gjinien rekke ferwûne. Nei alle gedachten kin de brânwachtwein as ferlern beskôge wurde, neffens de Veiligheidsregio Fryslân.

Trefwurden: 
ûngelok brânwacht fiver
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)