Cambuur troch yn bekertoernoai

24 sep 2014 - 21:47

SC Cambuur sit by de lêste 32 ploegen yn it KNVB bekertoernoai. De Ljouwerters wûnen mei 4-0 by earste divisionist FC Den Bosch. Beide ploegen spilen in suterige earste helte sûnder spektakel en grutte kânsen. Dat feroare yn de twadde helte doe't Cambuur binnen acht minuten trije kear skoarde. It begûn yn de 60e minút mei in moai skot fan Mart Dijkstra. De Poalske debutant Sebastian Steblecki soarge foar de twadde Ljouwerter goal en fuort dêrnei makke Mart Dijkstra syn twadde. It slotakkoard krekt foar tiid wie fan Martijn Barto: 4-0.

Spits Erik Quekel fan FC Den Bosch krige de reade kaart.

Trefwurden: 
fuotbal beker SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)