Marineskip fêst by Ofslútdyk

In lâningswein fan de marine is tiisdeitejûn fêstrekke op de pier by Breesândyk by de Ofslútdyk. De wein is mei floed de steile pier opfearn en dêrtroch leit it mei it achterste part op de stiennen. Oan board wienen mariniers yn oplieding. In wein fan de KLPD koe it woansdeitemoarn net fuortslepe om't it wetter net djip genôch wie.
Doe't it letter eb waard, kaam it droech te lizzen. Ut Den Helder is no in ponton mei kraan ûnderweis om it skip los te krijen.
Dit type skip is bedoeld om personeel mei lichte weinen te ferfieren. It kin 35 mariniers oer wetter ferfiere.