Prins beëdige as steatelid

Maaike Prins beëdige as steatelid foar it CDA
Maaike Prins-Meindertsma is woansdei troch kommissaris Jorritsma beëdige as lid fan Provinsjale Steaten foar it CDA. Se folget Johan Apperloo op, dy't om persoanlike redenen ophâlde moast. Frou Prins út Oentsjerk wie sûnt septimber 2012 kommisjelid en earste opfolger foar de CDA-fraksje yn de steaten. Yn it deistich libben is se selsstannich ûndernimmer op it mêd fan bestjoerlike en juridyske tsjinstferliening. Earder wie se ek gemeenteriedslid en wethâlder yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Yn Provinsjale Steaten krijt se de ûnderwerpen Wenjen, Miljeu en Wetterfeiligens yn har portefúlje.