Jonge mishannelet 72-jierrige

24 sep 2014 - 09:26
Foto: Omrop Fryslân

In 17-jierrige jonge út de gemeente Littenseradeel is moandeitemiddei oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De jonge krige by in wenning oan de Fok op It Hearrenfean rûzje mei in 72-jierrige man út dat plak. De 17-jierrige soe dêrom de man mishannele hawwe.

De jonge is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. De licht ferwûne Hearrenfeaner docht oanjefte.

(advertinsje)
(advertinsje)