Hearrenfean al gau út de beker

Sportklup Hearrenfean is nei ien wedstriid al útskeakele yn it bekertoernoai. Hearrenfean ferlear yn Kerkrade mei 2-1 fan de koprinner út de earste divyzje Roda JC.
Nei 24 minuten skoarde Rigino Cicilia de 1-0. Keeper Nordfeldt skeat knoffelich tsjin in spiler fan Roda JC oan, wêrnei't Cicilia yn in lege goal skoare mocht. Hearrenfean makke yn de 85e minút dochs noch gelyk troch in goal fan ynfaller Morten Thorsby. In minút letter kaam Roda JC al wer op foarsprong troch Mitchel Paulissen.
Coach Dwight Lodeweges begûn mei fiif spilers dy't gewoanwei op de bank begjinne. Otigba, Schmidt, Raitala, Van Amersfoort en Dalgaard. Oanfierder Marten de Roon neamde de wedstriid tsjin Roda JC syn minste wedstriid ea foar Hearrenfean: "Dit was echt zo matig. Mijn slechtste ooit en daarvoor heb ik mijn excuses aangeboden in de kleedkamer."