Webside foar taslaggen bern

23 sep 2014 - 21:36

De gemeente Ljouwert wol it mei in spesjale webside foar âlden mei in leech ynkommen maklik meitsje om foar har bern taslaggen oan te freegjen. Op kinderpakket.nl kin bygelyks learjild by de gemeente oanfrege wurde of in finansjele bydrage út it Jeugdsportfûns. Troch in digitale oanfraach te dwaan ferwachtet de gemeente dat belutsen ynstânsjes ek earder dúdlikheid jaan kinne oft âlden wol of net jild krije. It opsetten fan de webside is ûnderdiel fan in aksjeplan om de earmoede yn de gemeente oan te pakken.

Yn de gemeente Ljouwert wenje goed 3000 bern yn gesinnen mei in leech ynkommen.

Trefwurden: 
Ljouwert bern webside taslaggen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)