Optimist on tour sukses

De grutte sylbak op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert hat in grut sukses west. Yn de fiif dagen dat it sylbassin fan 20 by 50 meter der stie, hawwe 6000 bern op en om it wetter west om te silen of oars te genietsjen. It doel fan de aksje 'Optimist on tour', bern entûsjast meitsje foar de sylsport, liket dêrmei berikt. Hoefolle bern der aanst ek echt sile sille is net bekend, mar de organisaasje is tige tefreden oer de reaksjes. Se hoopje takom jier in ferfolch te jaan oan it inisjatyf.