'Transportium wurdt neat'

23 sep 2014 - 17:07

Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis tinkt dat de plannen foar iisstadion TranSportium yn Zoetermeer net fan de grûn komme sille. Jonker, dy't sponsor is fan in eigen reedrydploech en besjoerslid fan de sakeklup Thialf, sjocht 'in heech luchtfytsgehalte' yn de plannen. In deeglik eksploitaasjemodel is der net, krektlyk as by Icedôme yn Almere.

Jonker sei al folle earder dat dêr neat fan telâne komme soe. Icedôme makke fan 'e wike bekend dat de plannen foar it iisstadion definityf fan de baan binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)