Hiele keamer achter mûne

Alle partijen yn de Twadde Keamer wolle dat de mûne Windlust yn Boerum de status fan ryksmonumint krijt. Earder makken allinnich de VVD, it CDA en de PvdA harren dêr sterk foar. No wol de folsleine Twadde Keamer dat minister Bussemaker de mûne dy status jout. Dy wegeret dat oant no ta. De mûne is neffens har net mear autentyk no't er nei de brân weropboud is.
CDA-keamerlid Sander de Rouwe seit yn in reaksje dat in dúdliker sinjaal net tinkber is. De Rouwe tsjinne de moasje yn, tegearre mei Jacques Monasch fan de PvdA.