Sportpriis skoalle De Knipe

23 sep 2014 - 15:56

Basisskoalle De Pream op 'e Knipe hat tiisdei de sportstimulearringspriis offisjeel oerlange krige. De skoalle krige de priis takend op it Sportgala fan dit foarjier. De erkenning is bedoeld foar de skoalle dy't op de meast bysûndere wize in soad omtinken jout oan sport. Ald-reedrydcoach Henk Gemser rikte de priis út.

De Pream krijt in jildbedrach fan 1000 euro en ek in itensiedworkshop. De priis is in inisjatyf fan 'Sport op Basisscholen', in organisaasje dy't pleitet foar mear sportlessen op basisskoallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)