AH Snits wol útwreidzje

De Albert Heijn yn de wyk Stedsfenne yn Snits wol de kommende jierren flink útwreidzje. De ferbouwing moat mear romte opsmite foar de klanten. Foar de útwreiding moatte twa gebouwen mei yn totaal fjouwer huzen tsjin de flakte. Neffens franchisehâlder Robert Grakist wurdt op dit stuit yn gearwurking mei wenningkoöperaasje Accolade en de bewenners besjoen hoe't dat moat.
As alles neffens plan ferrint, set de bou oer sawat in jier útein.