Miljoenebou sintrum De Gordyk

Tsjin alle trends wurdt foar miljoenen ynvestearre yn it sintrum fan De Gordyk. Tiisdei waard de earste peal slein foar de nijbou fan in hearemoadesaak fan Rinsma, letter folgje noch nijbou fan Albert Heijn en ferbou fan de Poiesz-supermerk.
De gemeente Opsterlân soarget foar de oanlis fan parkearromte dy't besikers fergees brûke kinne. Neffens de ûndernimmers is dat ien fan de sterke punten fan it doarp dat mei Rinsma Fashion Plaza no al klanten út it hiele lân lûkt. De nije hearemoadesaak fan Rinsma moat yn augustus takom jier iepen.