Jongemastate krijt opknapbeurt

Park Jongemastate yn Raerd krijt in opknapbeurt fan it Fryske Gea. Sjoggers fan it Omrop Fryslân-programma Bynt hawwe it park keazen út fjouwer kandidaten. Se koene de ôfrûne wike stimme fia Facebook op it plak dat neffens harren as earste yn oanmerking komme moast foar renovaasje. Park Jongemastate krige mear as de helte fan de stimmen.
De útslach waard moandei bekendmakke yn Bynt. De oare kandidaten wiene it feanslúske Helomapolder by Wolvegea, it Schotbalkhokje by de Slachtedyk en de einekoai Eanjumerkolken by Eanjum.