Workshops banebeurs al fol

23 sep 2014 - 11:34

It rint stoarm op de banebeurs fan it CNV, tongersdei yn Ljouwert. Der binne al fjouwerhûndert oanmeldings en alle workshops sitte ek al fol. Ferline jier wiene der noch trijehûndert besikers. Op de beurs yn it WTC binne CNV-leden, al of net mei yntrodusees wolkom.

De workshops gean ûnder oare oer sollisitaasjes, mar ek oer omgean mei ûntslach. Behalve de workshops kinne wurksykjenden op de beurs ek fakatueres besjen. Boppedat kinne se kleanadvys krije en fergees hier knippe litte.

Trefwurden: 
CNV WTC Expo banebeurs workshop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)