'Fryske lobby moat aktiver'

Twadde Keamer © ANP XTRA
De bestjoerders fan Fryslân moatte in oare oanpak kieze foar de lobby yn Den Haag. Dat fynt de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij hat de Fryske lobby it de ôfrûne jierren min dien. Friese Koers wiist ûnder oare op it baneferlies by definsje, by de rjochtspraak en it Iepenbier Ministearje yn de provinsje.
Neffens de partij gedrage de Fryske bestjoerders harren út de hichte yn Den Haag, litte se harren gesicht te min sjen en komme se allinnich mar foar jild. Se moatte har folle aktiver opstelle, seit Friese Koers.
De Friezen kinne in foarbyld nimme oan de Grinslanners. De provinsje Grinslân is deryn slagge om der hûnderten oerheidsbanen by te krijen. Friese Koers hat fragen steld oan Deputearre Steaten oer de Fryske lobby yn Den Haag.