Needklok oer hendikeptesoarch

Bestjoerders yn de hendikeptesoarch yn Fryslân, Grinslân en Drinte liede de needklok oer de takomstige soarch foar bern mei in swiere ferstanlike beheining. Yn in brânbrief oan de steatssekretaris jouwe de bestjoerders fan ûnder oare Talant op It Hearrenfean oan dat de soarch net ferankere is yn de Wet Langdurige Zorg, dy't op 1 jannewaris 2015 yngiet. Soarchoanbieders en âlden witte sa net wêr't se oan ta binne, wêrtroch't de soarch oan de kwetsbere groep faai komt te stean.