Keamerfragen oer rjochtbank

De rjochtbank yn Ljouwert
De fraksjes fan it CDA en ChristenUnie yn de Twadde Keamer hawwe fragen steld oan minister Ivo Opstelten oer de plannen fan it noardlik rjochtbankbestjoer om in grut part fan de Ljouwerter rjochtbank nei Grins te ferhúzjen. It Boalserter keamerlid Sander de Rouwe fan it CDA wol fan de minister in garânsje dat Ljouwert en Assen de kommende jierren folsleine sittingsplakken bliuwe, mei genôch meiwurkers.
Oant 2016 moat it Iepenbier Ministearje neffens De Rouwe tritich ekstra wurkplakken oanhâlde.
It plan fan it bestjoer hat foar in soad ûnrêst soarge ûnder de meiwurkers en de rjochters.