Petear oer ûnrêst rjochtbank

22 sep 2014 - 17:08

It Noardlik rjochtbankbestjoer komt tongersdei nei Ljouwert om de ferhúsplannen út te lizzen oan al it rjochtbankpersoniel. Der is in soad ûnrest ûnder it rjochtbankpersoniel yn Ljouwert. Ferline wike kaam nei bûten dat it bestjoer in grut part fan 'e Ljouwerter rjochtbank nei Grins ferhúzje wol. De ûnrêst hat ek it fakbûn foar rjochters -De Nederlanse Vereniging Rechtspraak- berikt.

Dêr hiene se moandei spoedoerlis oer de situaasje by de Noardlike rjochtbank. It fakbûn wol sa gau as mooglik yn petear mei de rjochters en de rjochtbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)