Alden fan Cuperus yn Vermist

De heit en mem fan de fermiste maresjesee Sicco Cuperus binne tiisdei te gast yn it televyzjeprogramma Vermist. Sûnt 7 juny is der gjin spoar mear fan de 36-jierrige Ljouwerter.
De maresjesee hat socht yn Marrum, dêr't de lege auto fan Cuperus fûn is, en yn Ljouwert, dêr't de man wenne. Mar der is gjin inkeld spoar fûn en it ûndersyk is stilset. Dêrom hawwe de âlden fan de man kontakt opnaam mei it programma Vermist. Sy beskriuwe de sitewaasje as 'in ferskriklike tiid fol ûnsekerheid', mar se hâlde wol hoop.
Tiisdeitejûn om healwei tsienen is it programma Vermist te sjen op NPO 1.