'Alkoholslot straf genôch'

As in autobestjoerder in alkoholslot ynboud krijt omdat er dronken efter it stjoer siet, mei er net foar deselde oertreding ek noch in oare straf krije. Dat seit it Gerjochtshôf yn Den Haach. Neffens it hôf meie minsken net twa kear straft wurde foar itselde feit.
It alkoholslot is in apparaatsje wêryn't minsken blaze moatte foardat se yn de auto stappe. As se tefolle dronken ha, start de auto net.
Neffens advokaat Tjalling van der Goot is it in riskante útspraak, dy't in soad gefolgen hawwe kin foar de wize wêrop't in alkoholslot tawiisd wurdt.