SNN diplomatyk oer lobbyklup

It gearwurkingsferbân fan de trije noardlike provinsjes, SNN, reagearret hiel diplomatyk op de nije Fryske lobbyklup dy't dit wykein presintearre is. Direkteur Eise van der Sluis wol it wurd konkurrint net yn de mûle nimme en winsket de nije ûndernimming in soad sukses. Mar fan gearwurking is op dit stuit gjin sprake. SNN hat in eigen lobbyist yn tsjinst yn de persoan fan Berend Pastoor.
De nije klup LobbyFriesland mei ûnder oaren âld-keamerlid Rendert Algra en âld-SNN lobbyist Henk Postma wol krekt as Pastoor jild út Den Haach en Brussel helje. Mar dan foaral foar Fryslân.