Gearwurking foar KH2018

Mear jild garje foar Ljouwert Kulturele Haadstêd, plannen op inoar ôfstimme en krêften bondelje, dat is it earste doel fan STIPE 2018. STIPE stiet foar Subsidie-, Tref- en Informatie Punt Europa 2018. Moandei hat STIPE offisjeel syn doarren iepene yn de Ljouwerter Blokhúspoarte. It hat in prominint plak krigen oan de foarside fan it gebou. Yn dit STIPE-punt wurkje provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert gear om alles om de Kulturele Haadstêd hinne organisatoarysk en finansjeel yn goeie banen te lieden.