Boppeslach foar Dirk Fabriek

© Bert Swarts
Gersbaanracer Dirk Fabriek hie in boppeslach dit wykein. Fabriek wûn sneon yn it Dútske Vechta en pakte snein yn Roden de winst by de lêste wedstriid om it Nederlânsk kampioenskip. De Nederlânske titel gong nei Jannick de Jong fan De Gordyk. Hy kaam net yn aksje yn Roden, mar wie earder al wis fan de kampioenstitel. It is syn fyfde Nederlânske titel.
Kommende snein stiet de lêste wedstriid yn de searje om de wrâldtitel op it programma yn Mühldorf. Jannick de Jong giet oan de lieding mei 56 punten, folge troch de Frânsman Mathieu Tresarrieu.