Bedriging om seksuele foarkar

22 sep 2014 - 10:18

In 19-jierrige ynwenner fan Wolvegea is sneintemiddei oanhâlden fanwege bedriging. De man bedrige oan de Breuningsleane in 21-jierrige en in 19-jierrige ynwenner fan dat plak mei de dea, fanwege harren seksuele foarkar. De man woe in mes pakke út syn hûs om de slachtoffers del te stekken, mar waard tsjinhâlden. Dêrnei woe er ien fan de slachtoffers delstekke mei in sleutel.

De plysje hat de fertochte oanhâlden en ynsletten. De slachtoffers ha oanjefte dien.

Trefwurden: 
Wolvegea bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)