Definityf stekker út Icedôme

22 sep 2014 - 10:07

De bou fan de iistempel Icedôme yn Almere giet definityf net troch. Dat meldt Omroep Flevoland. It konsortium achter de plannen hat besletten om harsels op te heffen, om't it harren net slagge om genôch ynvestearders te finen.

Begjin juny wie it al tige ûnwis oft Icedôme noch wol in takomst hie. It KNSB sei doe it fertrouwen yn it plan op. It bûn hie Icedôme lange tiid op it each as nije lokaasje foar topsport. Boubedriuwen BAM en Van Wijnen, dy't meidiene yn it konsortium, hawwe no it beslút naam om definityf de stekker út it plan te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)