Slachtoffer Eksmoarre stoarn

De auto botste op in lânbouwein © Jaring Rispens
De 51-jierrige frou út Eksmoarre dy't ein augustus slim ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak, is sneintemoarn yn it sikehûs ferstoarn. Dat makke de plysje fan Snits bekend. De frou rekke op 25 augustus swier ferwûne op de Boalserterwei yn Eksmoarre doe't se mei har auto tsjin in lânbouwein oanried. Se rekke dêrby beknipe en moast út de auto helle wurde.
It slachtoffer waard dêrnei oerbrocht nei it universitair sikehûs yn Grins, dêr't se snein ferstoar oan har ferwûnings.