Warten rint út foar Marit

21 sep 2014 - 17:48

Warten rûn snein út om de Wartenster sylster Marit Bouwmeester te huldigjen. Bouwmeester waard tongersdei foar de twadde kear wrâldkampioen yn de Laser Radialklasse op it WK silen yn it Spaanske Santander. Foar it doarp is dat oanlieding om wat foar de wrâldkampioene te organisearjen. Oan board fan in skûtsje waard Bouwmeester it doarp ynfearn. Dêr waard se tasprutsen en lokwinske en oanslutend is it feest yn Warten.

De wrâldkampioene wie djip ûnder de yndruk fan it feest dat foar har op tou set wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)