Romme winst Snits Wyt Swart

21 sep 2014 - 16:29

Snits Wyt Swart pakte snein in romme 5-0 oerwinning op Be Quick 1887. Op sportpark Esserberg sette Alwin Velds de Snitsers al nei 9 minuten spyljen op foarsprong. Age Hains Boersma wie dêrnei ticht by de 2-0 mar syn kopbal gong krekt njonken.

Nei rêst sette de thúsploech mear druk op de Snitser ferdigening. It wie lykwols Erolind Derguti dy't mei in hattrack foar in komfortabele 4-0 foarsprong soarge foar de ploech fan trainer Berry Zandink. Boersma tekene úteinlik foar de fyfde Snitser treffer.

Trefwurden: 
Snits fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)