Cambuur kin net stunte by PSV

21 sep 2014 - 16:20

SC Cambuur is der snein net yn slagge te stunten by PSV. Yn Eindhoven waard mei 4-0 ferlern. De Ljouwerters begûnen sterk oan de wedstriid. Bartholomew Ogbeche wie al nei 6 minuten ticht by de iepeningstreffer, mar wist net te skoaren. Dat slagge Luuk de Jong wol, dy't yn de 21e minút de skoare iepene. Jetro Willems makke foar rêst de 2-0. It waard noch soerder doe't Lucas Bijker mei twa kear giel it fjild ferlitte moast.

Nei rêst besocht Cambuur de skea te beheinen. Yn de slotfaze soarge PSV mei twa treffers dochs foar in romme oerwinning.

Ogbeche koe de wedstriid net útspylje nei in botsing mei Willems. Hy rûn dêrby in blessuere oan syn each op, nei't er yn botsing kaam mei de earmtakke fan de PSV'er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)