FVC thús ûnderút tsjin MSC

De fuotballers fan FVC ferlearen snein mei 2-0 fan MSC. Op sportpark Wiarda moast it publyk lang wachtsje op de doelpunten. Pas nei in goed oere spyljen setten de gasten út Meppel de iepeningstreffer op it boerd. De treffer wie kurieus om't de Ljouwerters appel makken foar hands, mar de skeidsrjochter karde it doelpunt dochs goed.
Yn de jacht op de lykmakker moast FVC mei tsien man fierder, nei't oanfierder Geert Faber read krige. Yn in grimige slotfaze wie it slotakkoart foar MSC, dat mei de twadde Meppeler treffer foar de einstân soarge.