Sweeffleantúch lânet yn greide

21 sep 2014 - 15:23

In sweeffleantúch hat sneintemiddei in lâning makke yn in stik greide tusken Hurdegaryp en Ryptsjerk. Net ien rekke ferwûne. It sweeffleantúchje wie yn min waar bedarre. Omdat it fleanfjild fan Ljouwert te fier wie, keas de piloat út Frjentsjer der foar om it fleantúchje by Hurdegaryp oan de grûn te setten. Plysje en brânwacht kamen ek nei it plak fan de lâning, mar hoegden net yn aksje te kommen.

It fleantúchje luts in soad publyk. In soad minsken kamen nei it stik greide ta om te sjen wat der krekt te rêden wie.

Neffens de Friesche Aeroclub, de eigener fan it sweeffleantúchje, gie it om in lâning út foarsoarch, dy't folslein neffens ôfspraken ferrûn. It tastel is troch in auto mei in grutte karre ophelle en wer werombrocht nei de fleanbasis. Der wie gjin skea oan it sweeffleantúch. It tastel hat letter op de middei in nije start makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)