'Keatssport moat feroarje'

21 sep 2014 - 14:32

Der moat wat feroarje yn it keatsen om yn de takomst as sport oantreklik te bliuwen. Dat seit Jan Willem van Beem, foarsitter fan keatsferiening Sjirk de Wal út Dronryp. Van Beem hat dêrfoar in plan opset, wêryn't er pleitet foar tal fan feroarings.

Sa moat der neffens him in oare fergaderstruktuer komme, mei in saneamde Raad van Mandaat, dy't rapper besluten nimme kin. Ek tinkt Van Beem oan it ynfieren fan in kleurde bal, in lytsere nap en in nije wize fan ranking. Ta beslút pleitet er foar in koarter keatsseizoen.

It plan is yn gearwurking mei in tal keatsferienings opsteld. It is noch net presintearre oan it keatsbûn KNKB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)