Dokkumer dielt kopstjit út
In 32-jierrige Dokkumer sit fêst foar it jaan fan in kopstjit oan in 23-jierrige man út Damwâld. Beide manlju krigen rúzje yn in kroech op de Dokkumer Merk. De Damwâldster rekke ferwûne oan de holle en is by de dokterswacht behannele.
De Dokkumer is oppakt en sit fêst.