Sutelaksje Tsjil rint goed

21 sep 2014 - 13:17

De sutelaksje fan Stifting Tsjil is sa't it no liket súksesfoller as de âlde sutelaksje yn 2008. De opbringsten binne gelyk en yn guon gefallen sels better. De sutelaksje fan It Fryske Boek waard fiif jier ferlyn ôfskaft, omdat it net mear fan dizze tiid wêze soe. Ek gie de opbringst alle jierren achterút.

De sutelaksje fan Tsjil wie dit wykein yn Wergea, Boarnburgum en Eksmoarre. Yn dat lêste doarp lei de opbrinst hast twa kear sa heech as yn 2008. Doe wie dy 800 euro, dit wykein is foar mear as 1500 euro ferkocht.

Nei it ôfskaffen fan de sutelaksje rûn neffens útjouwers de omset oan Fryske boeken yn in pear jier tiid mei op syn minst 70% werom. Neffens it bestjoer fan Tsjil bewiist it súkses fan de nije sutelaksje, dat der oan it ferlet oan Fryske boeken net it measte feroare is. De hieltyd ôfnimmende ferkeap fan Fryske boeken hat blykber net safolle te krijen mei de fraach nei dy boeken, mei ûntlêzing of oare maatskiplike ûntjouwings, mar mei it oanbod en de wize fan oanbieden.

Kommende wike wurdt der op freedtejûn sutele yn Garyp en op sneon yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. In pilot yn dy lêste trije doarpen wie ferline jier de opmaat nei de aksjes fan dit jier.

Trefwurden: 
Fryske Boek tsjil sutelje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)