Drachtster driicht mei hammer
In man út Drachten is sneon oppakt omdat er syn húsgenoat mei in hammer bedrige. Ek besocht er him mei in skroevedraaier te stekken. It barde yn harren hûs oan it Noarderein yn Drachten. Wêrom er dat die is noch ûndúdlik.
Plysjes ha de fertochte meinaam en fêstset op it plysjeburo. It slachtoffer hat oanjefte dien.