Brêge Burdaard wol net omheech

De Kolkhuzerbrêge by Burdaard kin fanwege in steuring sûnt sneontemiddei net mear betsjinne wurde. De brêge is stremd foar al it farferkear dat net ûnder de brêge troch kin. Gruttere skippen kinne sadwaande dit wykein net mear oer de Dokkumer Ie fan Dokkum nei Ljouwert farre of oarsom. De brêgewippers lâns de rûte binne fan de steuring op 'e hichte en ynformearje it farferkear.
De ferwachting is dat de steuring noch dit hiele wykein duorje sil. Auto's kinne gewoan fan de brêge gebrûk meitsje.
Moandei sille monteurs besykje om de brêge te meitsjen. Fanwege ûnderdielen dy't dêrfoar nedich binne, kin dat net earder as moandei.