ONS ûnderút by Kozakken Boys

ONS Boso Snits hat sneon mei 3-1 ferlern fan Kozakken Boys. Yn Werkendam kaam de thúsploech al nei 3 minuten spyljen op foarsprong. Age Wim van der Zee makke der tsien minuten letter 1-1 fan. Yn de 38e minút wie it lykwols op 'e nij Kozakken Boys dat de lieding naam.
Yn de twadde helte smiet Kozakken Boys de wedstriid yn it slot mei de 3-1 yn de 55e minút. In Snitser skot bedarre noch op de latte, mar tichteby kaam de ploech fan trainer Bert Hollander net. Kozakken Boys spile de wedstriid kontrolearre út.