Van der Meer wint Grachtenloop

20 sep 2014 - 14:35

Hurdrinster Judith van der Meer fan Dronryp hat freed de Grachtenloop yn Frjentsjer op har namme skreaun. As twadde kaam Dineke Dankert fan Sint Anne oer de streek, folge troch Maria van der Meer dy't yn eigen stêd tredde waard.

By de manlju gong de winst nei Jan Willem Hagen út Nunspeet. It twadde plak wie foar Gerrit Wolbers út Frjentsjer. Freddy van der Veer fan Feanwâlden einige as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)