Skylger Filmdagen fernijd

20 sep 2014 - 12:23

De Skylger Filmdagen hawwe dit jier in nij jaske. Sa binne der twa arranzjeminten bykaam: besikers kinne in oernachting boeke op it eilân mei allerhanne ekstra's en kaartsjes foar it festival. Ek hat de organisaasje de webside fernijd. De Skylger Filmdagen binne yn novimber. Dan binne hast 40 films te sjen op seis bysûndere lokaasjes op it eilân.

Oare ûnderdielen binne in kwis, it filmkafee, in gala en in kursus senarioskriuwe.

Trefwurden: 
film Skylger Filmdagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)