LLD wol debat oer plan rûnwei

Lâns de Lange Reed soe de súdwestlike ûntslutingsdyk nei De Westereen komme © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De fraksje fan de partij Lagere Lasten Dantumadeel wol dat der in debat komt oer de gong fan saken by de presintaasje fan in rûnwei troch it doarp De Westereen. De presintaasje fûn plak sûnder dat de ried op de hichte wie fan de plannen fan it kolleezje, sa stelt Lagere Lasten Dantumadeel.
Nei de presintaasje hâlde de Feriening fan Doarpsbelangen in ynformaasjejûn foar ynwenners fan it doarp dy't op rûnwei tsjin binne. Lagere Lasten Dantumadeel wol fan it kolleezje witte wêrom't sy foar dat trajekt keazen hat.