'Belje op 'e fyts ferbiede'

19 sep 2014 - 18:17

Minsken dy't op de fyts dwaande binne mei harren tillefoan en dêrtroch in ûngelok feroarsaakje, moatte oanspraaklik steld wurde foar de skea. Dat fynt CDA-Keamerlid Sander de Rouwe. Om't de wet fytsers no noch sjocht as de swakkere dielnimmer, is de automobilist yn alle gefallen foar fyftich prosint ferantwurdlik foar de skea. Dat fynt De Rouwe net earlik.

Hy wol no dat de minister ûndersiket oft in ferbod om te beljen op de fyts helber is. Yn Dútslân en België is beljen op de fyts al ferbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)