N355 yn Twizel feestlik iepene

Nei in simmer fol wurksumheden oan de dyk, omliedings en ferkearshinder is de N355 troch Twizel freedtemiddei offisjeel iepene. Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Max de Haan joegen it feestlik startskot foar ferskate aktiviteiten om de fernijde doarpskom hinne.
De doarpsbewenners fan Twizel koenen meiride yn in spesjaal treintsje dat oer de nije dyk ried en minsken nei it feestterrein brocht.