'Meiwurkers rjochtbank bliuwe'

It rjochtbankpersoniel fan Ljouwert kin mooglik dochs yn de Fryske haadstêd bliuwe. Dat docht bliken út it petear dat boargemaster Ferd Crone hân hat mei rjochtbankpresidint Daan Keur. Tongersdei waard bekend dat it kantoarpersoniel fan de rjochtbank nei Grins ta moat. Minister Opstelten fan justysje hat no lykwols besletten dat it foarstel opnij besjoen wurde moat.
It beslút moat passe yn it lanlik belied om tsjinsten sa folle mooglik ferspraat oer it lân te hâlden. Foarearst sil der dan ek neat barre mei it personiel yn Ljouwert.
Crone sil de gong fan saken wol skerp yn 'e gaten hâlde. It bestjoer fan de rjochtbank is noch hieltyd fan doel om it kantoarpersoniel fan Ljouwert en Assen op syn lêst yn 2020 nei Grins te ferhúzjen. Wol moatte de plannen noch útwurke wurde en bepraat mei alle ynstânsjes dy't der mei anneks binne. Dat seit rjochtbankpresidint Daan Keur. Neffens Keur krijt de rjochtbank de romte fan it ministearje fan Feilichheid en Justysje om de plannen fierder út te wurkjen. De rjochtbankpresidint moast freedtemoarn by de direkteur-generaal fan dat ministearje komme, mar Keur ûntkent dat er op it matsje roppen is.