Aalberts stjoert St Nyk brief

19 sep 2014 - 15:49

Boargemaster Arie Aalberts fan De Fryske Marren hat in brief stjoerd oan alle ynwenners fan Sint Nyk. Oanlieding foar it brief is ûndúdlikens yn it doarp nei oanlieding fan it ûngelok op 10 augustus, wêrby't in frou út Sint Nyk ynried op twa 14-jierrige jonges út it doarp. Ek wol boargemaster Aalberts om tafel mei de bewenners fan de strjitte dêr't it ûngelok plakfûn.

Aalberts, plysje en Iepenbier Ministearje wolle de bewenners byprate oer de stân fan saken. Ek kinne de belutsenen harren hert luchtsje.

Dêrnei sil Aalberts yn petear mei de jongerein fan it doarp.

Trefwurden: 
Sint Nyk Aalberts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)