Gjin giftige ferve op basis

19 sep 2014 - 14:31

Der binne by definsje gjin meldings fan de fleanbasis Ljouwert binnenkaam oer de giftige ferve. Tusken 1999 en 2001 is der op de fleanbasis yn Ljouwert wurke mei de giftige ferve. Dêrom die militêre fakbûn VBM de oprop oan âld-meiwurkers om harren te melden. Der binne út it hiele lân 515 meldings binnenkaam, mar oant no ta net ien út Ljouwert.

Neffens de VBM leit dat oan de maatregels dy't nommen binne om oanrekking mei de giftige ferve foar te kommen.

Foarige wike waard dúdlik dat der ek op de fleanbasis fan Ljouwert wurke is mei de giftige ferve. Der is mei wurke yn de perioade tusken 1999 en 2001. Yn de ferve sit it kankerferwekkende chroom-6.

Trefwurden: 
fleanbasis ferve gif
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)