Mei 460 Cambuurfans nei PSV

SC Cambuur reizget snein mei 460 supporters nei Eindhoven foar de wedstriid tsjin PSV. It duel is promovearre ta topper: PSV stiet earste en Cambuur tredde yn de earedivyzje. De supporters dy't meigeane wurde goed kontrolearre, seit direkteur Gerald van den Belt.
Hy ferwachtet no snein in oantreklike wedstriid yn it Philipsstadion. Sneintemiddei om 14.30 oere wurdt ôftrape.