Sylboat baarnt út yn Ljouwert

19 sep 2014 - 12:11

In sylboat oan de Dokkumertrekwei yn Ljouwert is tongersdeitenacht folslein útbaarnd. It giet om in boat fan sa'n seis meter. Neffens de 34-jierrige eigener moat de brân oanstutsen wêze om't der gjin akku oan board wie en koartsluting dermei útsletten wurde kin.

De plysje sil de brân derom ûndersykje.

Trefwurden: 
brân sylboat Dokkumertrekwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)