FNP noch net klear yn Skotlân

19 sep 2014 - 08:48

De FNP sil ek freed noch de strjitte op yn it Skotske Edinburgh om mei minsken te praten oer it referindum. Freedtemoarn waard de útslach bekend: Skotlân bliuwt ûnderdiel fan it Britske keninkryk. Mei in opkomst fan boppe de 80 prosint waard al dúdlik dat dit in wichtich ûnderwerp is foar de Skotten.

De FNP is yn Skotlân om te learen fan it referindum. Neffens steatelid Sybren Posthumus is de belangrykste konklúzje dat it wichtich is om minsken by ferkiezings goed út te lizzen wat de konsekwinsjes fan in bepaalde kar binne.

Fries om utens Tjitze de Jong hat nei eigen sizzen 'in kater' fan de útslach. Hy hie graach sjoen dat it Skotlân wol slagge wie om ûnôfhinklik te wurden.

Trefwurden: 
FNP Skotlân referindum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)